Brommerforum.nl - Print: Reply
Deze reply is gepost in de afdeling Profile in het onderwerp 'MaXi-PuCh' (ID 20400).
De reply is geschreven door Frysk (UserID 6584) op 27-10-2011 9:11.
Jonge dit is in baas songtekst
Steat op frije Friezen en hifkje de hân! Fjochtsje sille wy, foar ús frije Fryske lân. Stoart jim no mei swurd en mei skild yn ‘e striid En raas tsjin jim fijân dit krêftige liet. Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen, oerâlde, leave Fryske grûn, Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen, dy't frije Friezen oan har lân ferbûn. Harren bloed sil floeie, de see kleuret read, Ús hater sil bidde om syn eigen dea. Dus stean op en lit witte, fier yn it rûn. Dat er mar ien de baas is op frije Fryske grûn! Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen, oerâlde, leave Fryske grûn, Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen, dy't frije Friezen oan har lân ferbûn Eala Freya Fresena hjir binne wy de baas! Eala Freya Fresena Stean no op en raas: Eala Freya Fresena Ik jou jim myn wurd Eala Freya Fresena Frijheid troch bile, spear en swurd! Morth Motma Mith Morte Kela! Fjochtsje foar jim âlden, frijheid, fee en freon. Nimmer sil wy rêste, sa’t it Fryske rjocht beskreun.
Morth Motma Mith Morte Kela, is ús heechste wet
Bloed mei bloed ferjilde, ierder sliepe wy net! Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen, oerâlde, leave Fryske grûn, Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen, dy't frije Friezen oan har lân ferbûn Klink dan en daverje fier yn it rûn Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Klink dan en daverje fier yn it rûn Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Baldrs draumar.
m.youtube.com/watch?gl=US&hl=en&client=mv-google&v=BECnPo3e4N8
Copyright © 2000 - 2016 - All rights reserved