Brommerforum.nl - Print: Reply
Deze reply is gepost in de afdeling Profile in het onderwerp 'Frysk' (ID 6584).
De reply is geschreven door Frisian Nightmare (UserID 20717) op 24-6-2011 17:55.
Quote:
Do kinst dysels nea allinnich rêde yn dizze maatskippij, dêr hast oars minsken foar noadich of do wolst foar de rest fan dyn libben allinich yn in hûs sitte en 1x yn'e safolle tiid nei de winkel om't it bier/wiet op is ?
Seker kin ik my wol rede yn dizze maatskappij, mar dan wol op myn manier. Werom soe ik under de minsken weze moatte at ik my der oan ergerje?
Quote:
Mhoa ik ergerje my net altyd oan de miening fan in oar, dy minsken binne der wol mar ik bin net smoarich fan in diskusje, better sein in Diskusje starte fyn ik 1 fan de moaiste dingen dy't der is.. oare minsken sjen oer te heljen en ja somstiden dan rêd ik it op.
1 persoan oerhelle praat wer mei oare minsken en dy prate wer mei oare minsken.. hoe tinkst do dat media wurket ? do kinst it op dyn eigen wize tapasse.. dit is de wize dy't ik moai fyn en it wurket.. sûnt ik en Wierewâldman op Wâldnet mear Frysk prate en oer de skiednis fan Fryslân en Bûtenlâners prate binne der in hiel soad minsken dy't oerhelle binne en ek Frysk begjinne te typen.. Foaral ast fergelikest mei '5 jaar geleden' . It ferskil is der wol dúdlik! en dêr doch it foar, Polityk is yntressant foaral om minsken dy't nearne doel oer ha oer te heljen nei dyn kant.. dat is dochs moai ofnet?
Ik har gjin syn om oare minsken oer te heljen. Ik har ommes neat mei se nedig. En ik wol my sels net in lyts bytsje oanpasse oan dy minsken. Derom wol ik dus ek moai allinich bliuwe. Ik kin net rekken mei in oar halde want dan begjin ik my te ergerjen, der har ik gean sin oan.
En polityk is net intressant. Politiek docht wer 't sy sels sin oan har en it boeit harren neat wat de bevolking tinkt of wol sadra at sy koazen binne. Ik wol wiere frijhied. Dat betsjut dat ik my net oan oaren hoef oan te passen. It leafst wenne ik om in lyts stikje grun wat fan my is en net fan in staat.
Quote:
Oanpasse silst dochs matte, dat ferwachtest ek fan oare minsken (nim byfoarbield bûtenlanners) Dy minsken matte harren oanpasse fan dy.
Ik sis net dat eltsenien gelyk mat libje, dat soe ferskriklik wêze mar ik fyn wol dat minsken yn grutte linen soart fan itselde wêze kinne.. oars kin ik maatskippij net wurkje.. At in bûtenlanner him net oanpast dat giet te koste fan ús ofnet?
De ynige oanpassing dy 't ik fan butenlanners ferwachtsje is dat sy net alles kapot meitsje op in oar syn grun. At sy yn harren eigen hus sitte moat sy sels witte wat sy doche. Al sil melkoar de bek ek fol jarje it makkit my neat ut.
En hast do my noait sizzen heard dat in maatskappij net wurkje kin? Jawol. En dan hast myn underbouwing ek heard. Sju mar nei de skiednis fan de minskhyd. Alle maatskappijen/samenlevingen bin op it hichte punt stikken gong. Soe dat dan misskien net betsjutte dat de minske mear op sichsels weze moat?
En it sil wol untwikkeling weze dat it uteins wol wurkje kin mar dat is dan in untwikkeling dy 't de minsk sels ferswarge hat.
De minsk is de domste fan alle kudde bisten. Werom? Omdat minsken, as eltse kudde, by elkoar weze moat. Dochs, troch us geestelijke untwikkeling harre wy tefolle ferstoan kriegen en bin der troch ut elkoar groeit. En dochs bliuwt de minsk by elkoar op skoat sitten. En no moat wy allegear wer gelyk wurde want wy wolle en sille yn de kudde mei rinnen bliuwe. Ik siz, besykje it ris oars. At eltsenien harren sels rede moat, soe dat net wurkje kinne? Besykje it gewoan, dizze maatskappij giet toch sawiesa al stikken.
Quote:
nee ik meitsje dy dea.. mar ik wit net at ik jûn kom.. ik bin net echt hielendal fit..
Do bist in oansteller. En oars mast mear griente frette.
Copyright © 2000 - 2016 - All rights reserved